Wikseling fan de wacht.

Wa ’t fan doel is om snein nei Heerhugowaard ôf te reizgjen foar de wedstriden fan ús beide seleksjeteams, kin dêr by it twadde in âlde bekende oan it wurk sjen. Sjouke Stoker fan Mûnein sil fan no ôf de coaching fan it twadde op him nimme. Dêr neist sil er freedtejûns fungearje as assistint fan haadtrener Ljibbe Kuipers en de (fak) trening fan it twadde fersoargje. We winskje de beide mannen in goeie gearwurking ta en hoopje dat we in moai protte puntsjes mei nimme sille nei de Rottefalle, benammen as se fan fier komme moatte!

sjouke stoker

sjouke stoker

Foar de huidige trainer/coach Jacob van der Heide waard it hieltyd lêstiger syn baan en syn eigen aktive kuorbalkarrière te kombinearen mei it trainen en coachen fan it twadde. Hiel spitich, Jacob hie it tige nei ’t sin en wy binne ek ôfgryslik wiis mei Jacob , mar omt de ploech it net makkelik krije sil yn dizze klasse en wol behoefte hat oan wat fêstichheid is yn goed oerlis besletten om foar it belang fan de ploech te kiezen en fierder te gean mei Sjouke.
Wy wolle Jacob graach bedanke foar syn geweldige ynset en de fijne gearwurking fan de ôfrûne jierren en binne hiel bliid mei it feit dat er oanbean hat om by need noch ris by te springen! Top, Jacob!
De bestjoeren fan Wêz Handich en DOW.