WêzHandich/DOW 6 – Leonidas 1

Wat moasten we betiid op memmedei. Om 10.00 oere soe der al ynfluitte wurd.  Meastal leit it fjild al foar ús klear, mar dit kear wiene wy it earste tiim en dan komt dy drokte der ek noch by. En dan tink je dat alles regele is, komt de kantinedienst foar de twadde wike op rige net opdagen. Dat mar wer nei de Arendswyk om de jildbak en de F-side fan Leonidas  fan kofje foarsjen. Ja, al wer in earste tiim, Leonidas 1. Doe’t se út de auto wei rûgeljen kamen tochten we , in jong ploechje, sil wol twa kear yn de wike trene en se hiene ek in echte ”trainer/coach” , dat sjogge je net folle op dit nifo.

Troch it swiere moarnsiten op memmedei en al dat geregel kealle it yn it begjin wat swier. Pas nei 12 minuten koene de jonges fan Sjoukje in kear op it knopke drukke. Dêrnei gong it wat flotter. We rûnen dan ek út nei in moaie 6-1 foarsprong, de measte ballen fan ôfstân en ien frij baltsje.  Nei  it skoft kabbele it moai wat fierder en oan it ein stie 14-4 op it skoareboerd. Oare wike spylje we de lêste wedstryd fan dit seizoen tsjin it twadde fan WêzWarberFluch en dêr ha we meastentiids in protte moeite mei. Mar earst ha we noch in feestje yn it  foarútsjoch. Ien fan ús tiimleden sil freed yn de lange hier.

Doelpunten: Gooitzen 4, Michiel 3, Wobbe 2, Gerard 2, Janke 1, Christine 1 en Geriena 1