Under melkerstiid.

Moedig Voorwaarts 1 – DOW/WH 6

Foar de tredde kear dit seizoen moasten wy tsjin it earste tiim fan Moedig Voorwaarts. It 1e tiim spilet natuerlik op prime time en wie neffens de youngsters it main event fan de middei. Om sawat healwei 4 koene we dan ek los. André hie al witte litten dat dit net tiden foar in boer binne om te spyljen, dat Mark wie mei ús mei. Boeredochter Betty mocht by it twadde de bank waarm hâlde (wat in promoasje), dat Hennie fan de midweek en koeien-melkenAnnemarie fan de b’s soargen derfoar dat we wer mei 10 man fuort wiene.
Dat it 6e net wend is om sa yn de belangstelling te stean en mear is fan it moarns betiid spyljen die al gau bliken. It skoaren woe net, de strafworpen woene der net yn. Yn it skoft stiene we dan ek mei 5-2 efter. Beide goals kamen op namme fan Goaitzen. De twadde helte gong it al wat better mar mei de lichte “aldi-ballen” fan Moedig Voorwaarts sille wy wol gjin freonen wurde. Se wiene lichter as ús eigen ballen en draaiden ek alle kearen út de koer. Us twa B’s diene knap. De iene fertsjinne de strafworp en de oare lei him der yn. Jimme meie wol wer ris wer mei ús mei. Nei 60 minuten stie der 8-5 op it boerd. Oare wike dogge we gewoan wer om 10.00 oere en hoopje dan wer mear dan 10 goals te meitsjen.
Doelpunten: Goaitzen 2, Christine 1, Mark 1, Wobbe 1.