Tsjin it earste….

We wiene der hielendal klear foar. Moai op tiid fuort, want we moasten tsjin it earste tiim fan Goorecht. We tochten it sil dêr wol drok wêze en aanst moat we ús ek noch foarstelle en mei in jeugdploech oprinne. We hiene de klean dan ek netjes oandien en it hier kreas op ‘e holle. De bui eefkes ôfwachte, oars liket it allegear sa raar op de live stream en op de fotoreportaasje. Mar neat, gjin muzyk en ek gjin Hoogezandse Jan Wolter dy’t ús omrôp. Hjir troch wiene we sa fan slach dat we mei 7-0 efter kamen. It lyts tjinslachje ha we wolris faker, mar dit oerkomt ús net sa faak. Goorecht hat 9x fan ôfstan sketten en dêr wiene 7 fan raak. We pasten de taktyk wat oan, mar tsjin in stiif achterferdedigjende ploech mei lengte falt dat net ta. Yn it skoft stie it dan ek noch mar 10-4. Dat it kuorbal dêr net sa bot meer leeft, wie ek oan ús tee te sjen. De kopkes wiene al in skoft net fan stee west. Der wiene trije persoanen dy’t in deade mich yn it kopke hiene. Ynke de topskoartser fan de earste helte waard der út helle en Jantina kaam foar har yn plak. Nei de net opdronken tee kaam it bêste stikje fan de wedstryd, we makken trije efter elkoar en hiene wer moed. Mar it gat wie te grut en we kamen net mear by. De sfear waard der ek net better op. Wat yrritaasjes en in protte getriuw by de koer en in blau each. De twadde helte ha we wol wûn, mar mei in katerich gefoel gongen we wer nei Fryslân ta.

Doelpunten: Gerard 4, Ynke 2, André 2, Michiel 1 en Anneke 1