Trou of trouwe?

Foar sommigen is it al in skoft lyn dat se ja sein tsjin it kuorbaljen, oaren komme noch mar krekt om de hoeke sjen. Mar lid wêze fan in kuorbalklup hat wol in bytsje fan in houlik. Je binne trou oan je klup, ek as it in bytsje tsjin sit, mar ek de hichtpunten fiere je mei syn allen. En dat ha we freed dan ek dien, wat in machtich feest. (in voor =en tegenspoed).


Ek de tsjinstander fan ôfrûne snein hat in houlik sletten. Earst ha se in skoftsje oan it latten west. Mar Wêz Warber en Wêz Fluch ha de lapen by elkoar goaid en gean fierder troch it libben as Wêz Warber en Fluch.
Hoe soe it komme mei DOW en Wêz Handich, soe dat oait noch in houlik wurde? En hoe komt it dan? Wurdt it dan: Wêz Oanhâlder, Wêz Wint, de Handige Oanhâlder.
Dit is it twadde seizoen dat we mei dizze kombinaasje spylje en de ploech út Goutum komme we wol hiel faak tsjin. De 10 e kear yn twa jier. En se binne wat ús “angstgegner”. De earste helte foel noch net iens ôf. Om en om waard der skoard en mei it skoft wie alles dan ek noch moai yn lykwicht. Mar de twadde helte wie bagger. Ien goal ha we noch makke en dêrmei ek de kâns ferskiten om kampioen te wurden. It kin no noch wol, as oaren punten lizze litte. Mar dat is toch oars. We ha mei 13-7 ferlern. Michel en Gerrit noch bedankt foar jim hulp.
Doelpunten: Gerard 4, André 2, Michel 1.