Sweare, swetse en ………….

Sweare, swetse en broekjeskite dat is yn ús famylje in bekende útspraak. Dat sei ús heit altyd as wy in protte praatsjes hiene. By it ferdielen fan de popkes oer de fakken en de bank swearde it earste oanfalsfak ek nochal wat. Wy ha wol it sterktste fak, no en dan moat je dat ek wiermeitsje. No en dat diene se ek fuort. De beide foarsitters dy’t by de resepsje it al aardich mei elkoar fine koene, koene elkoar en it gat fan de koer goed fine. Fuort de 2-0 al op it boerd. De spilers út de Wijk hiene net sa’n ein riden om op de slachtbank lein te wurden. Dat dy setten der fuort in ynrinbal tsjinoer. Wobbe in lyts kânske, Betty en Anneke wat ôfstanders, twa strafworpen en in slagge begjinbal en sa wie it nei 30 minuten al 12-4. Yn it skoft waarden noch wat learpuntsjes oanstippe, ja ek wy binne noait te âld om te learen.
Nei it skoft staakte de doelpuntenmasine eefkes, mar as je mei sa’n foarsprong sa no en dan in doelpuntsje mei pakke dan komt it wol goed. Ien goal moast ik noch wol eefkes neame, in “beauty” stiet der yn it skrift. Nei in oernamesituaasje goaide Jakob út de sprong wei nei André en dy skoarde. Dit waard it 19e doelpunt. En 20 wie it doel dizze kear. Christine soarge dat dy der ek kaam. De ein útslach: WH/DOW 6 – Roreko 4: 20 – 13. Nei de westryd wiene de mannen al wer oan it swetsen. Se nimme de wurden fan de foarsitter wol letterlik, de druk moast by it seisde wei komme. No sille se woansdei allegear komme te trenen. No we sille sjen. Mar earst wachtsje we op in foto yn ús appgroep fan in lytse wytfeanster. Sa komt de spreuk hielendal út: Sweare, swetse en broekjeskite.
Doelpunten: Betty 6, André 3, Wobbe 3, Anneke 3, Gooitzen 1, Sjoukje 1, Janke 1, Christine 1, Jakob 1