Skoalreiske

It fielde snein krekt as wiene de juffen Betty en Anneke op skoalreiske. In âlder mei foar it riden en in pear staazje masters en in auto fol bern. Op de wâldwei waard der ek al frege wêr ’t de Knipe lei en hoe fier oft dat wie en op de A7 kaam it bôlebakje ek al út de tas. No is der yn de Knipe wol in hiele moaie survivalbaan, mar it wie dochs de bedoeling dat we mei it 6e dêr kuorbalje soene.

Der wiene nochal wat minsken dy’t ôfsein hiene, dat wy hiene trije fan de B’s mei (Nynke, Dieuwke en Mark), ien fan de A’s (Henk) en ien “leased” fan tiim 4 (Iris). Allegear tige tank foar it mei dwaan. Der waard frege mei hoefolle oft de gemiddelde leeftyd sakke wie: As ik it goed berekkene ha, fan 42,6 nei 27,0.
It wie yn it earst oan al wat sykjen yn de fakken. Kinea 3 hat lange hearen en dêr moasten we ús spul al wat oan oanpasse. We kamen dan ek achter, al koe der al gau lyk makke wurde troch in strafworp. We spilen net op it echte fjild, mar oerdwars. Dat der wie gjin strafworpstip, mar der lei in lyts giel triedsje. Dat makke André en Betty gelokkich neat út, de 5 strafworpen binne 100 % benut. It lei ‘m mear oan de oare kânsen, we hiene in wereld oan kânsen, dy jonge minsken fleagen der om hinne, mar it ôfmeitsjen slagge noch net sa goed. De earste helte ha we dan ek steeds achter de feiten oanrûn, mei in gatsje fan twa of trije doelpunten.
Yn it skoft stie it 6-4 foar Kinea. Yn it nije klaaihok fan Kinea mei de namme “Noppes” ha we it der al eefkes oer hân, mar de echte korfballogen wiene net mei. Dat wy ha besluten der mar it bêste fan te meitsjen. We slûpten dan ek stadichoan tichterby en op 10-10 makken we lyk. Yn de lêste minút wie Mark de matchwinner. Hy makke der 11-12 fan. En dan slúte we dit stikje dan mar tapaslik ôf mei in sitaat fan “Johan Cruijff”: Als je één goal meer maakt dan de ander, dan win je.
Doelpunten: Betty 4, Mark 3, André 2, Jakob 1, Dieuwke 1 en Anneke 1