KORU 2 – DOW/WH 6 . In goed begjin, is it heale wurk

It 6e tiim moast snein de earste útwedstryd tsjin Koru út Uffelte. DOW/WH 6 tiim bestiet út spilers dy’t út alle úthoeken kamen (Grins, Surhuzum, Houtigehage, Garyp en Eastermar en Rottefalle) en ek in spiler út Nij Seelân dy’t no op it Wytfean delstrutsen is.
Op it parkearterrein moasten we dan earst hannen skodsje en in foarstelronde dwaan. Der wie in formulier, in tas mei shirts en der wiene en ek 5 mannen en 5 froulju, dat we koene fuort. Saroya fan de spilersrie hie hiel wat minsken (wol 25) belle om in 5e hear te krijen, dat fanôf dizze kant in komplimentsje.
Yn it klaaihok stinden we eefkes oer de opstelling en sa kamen André, Gerard, Betty en Sjoukje yn de ferdediging en Bonne, Michiel, Christine en Janke yn de oanfal. Mem en soan (Anneke en Mark) namen plak op de túnstuollen oan de kant.
Koru 2, in jonge ploech sette ús fuort op efterstân. Andre krige in lyts kânske en brocht de stân wer yn lykwicht. Sa gong it earst wat om en om. Mei in moaie ynrinbal fanút de romte troch Christine , neidat de dame hapte by de lijn, koene we in lyts gatsje slaan, nei 4-7. Koru kaam troch in pear knappe skotten fan ôfstân noch krekt foar it skoft wer tichterby (7-8).
Tidens it praatsje kamen we tot de konklúzje dat it noch net sa min gong foar in tiim dat noch noait mei elkoar spile hie.
Mark skoarde al gau fan ôfstân en ek Betty lei him der fraai yn. Der wiene noch wolris wat misferstanen , in ferkearde namme dy’t roppen waard, de DOW bal dy’t we noch net allegear ûnder de knibbel ha, in frije bal dy’t noch net perfekt wie, In hear dy’t ûnder de bal troch dûkte (of wie dat toch in bytsje tiidrekken). Mar wy binne noch in tiim yn opbou en sjogge wol potinsje yn dizze ploech.
Oan it ein fan de rit stie der 9-13 op it skoareboerd en ha we de punten mar mei nei hûs naam. Ek de rânesaken wiene sa regele, in oanfoerster, ien foar de spilersrie, groepsappbehearster en ien foar it opheljen fan it drinken. Oare wike spylje we tús tsjin SDO 2 om healwei 11(be there)
Doelpunten: André 3, Gerard 2, Christine 2, Betty 2, Mark 2, Sjoukje 1, Janke 1