It sexde

Snein moasten we al wer tsjin de Pein 3. Fan de technyske staf (Betty en Wobbe) krigen we te hearren dat it faak sa wie as je twa kear achter elkoar tsjin deselfde ploech spilen. Dat de twadde kear faak de oare ploech wûn. De Pein hie in pear blikken mei nije spilers iepen lutsen. By de froulju wat ferjonging (hie it twadde soms frij??) en by de hearen goaiden se wat mear gewicht yn de striid. By it 6e binne de mannen krekt allegear wat lichter wurden en dat gewichtsferlies hie te krijen mei allegear nachtelike aktiviteiten, fertelde yn fan de ús hearen ( Soene se ús dêrom it sexde neame).
Fan de TS moasten we wachtsje tot de Pein him opsteld hie, want Janke hie it de wyks derfoar sa goed dien, dat se mocht wer tsjin Doetie. De earste 4 oanfallen leverden allegear in goal op, sa stie it al gau 2-2. Troch foaral ôfstanders, koene we ofstân nimme fan de Pein. Us jongere spilers wiene foaral goed op skot (Michiel, Gerard, Jantina). Doe ’t we it bakje tee dronken stie it 4-10. Yn de twadde helte gong it wat stroefer mei it skoaren. It iene fak hat wol 20 minuten yn de oanfal stien, mar se woene der net yn. Ek by de Pein gong it net flot mei it skoaren. Yn fan de hearen fan de Pein hie him it fjoer út de skuon rûn, dat de skoech lei yn twa stikken. Ek tape koe him net mear rêde. Neffens syn medespilers rûn er wol faker njonken syn skuon. In hear út it publyk hat him doe ferfong. Neidat Michiel syn 5e goal makke en it 4-14 waard, wie de wedstryd wol spile. We waarden wat makliker en der waard wat útbesocht (by de lein wie sjitte en sa). Sa stie der oan it ein fan de wedstryd 9-16 op it nije skoareboerd fan de Pein. Oare wike dogge we tsjin ús freonen út Goutum en Himpens, dy’t de spanning wer yn de kompetysje brocht ha troch fan Rodenburg te winnen. Oant dan (10.30 oere)
Doelpunten: Michiel 5, Gerard 4, Jantina 2, Gooitzen 2, André 1, Jakob 1, Hennie 1.