It âlde spul….

Der is in sizwize dy’t seit it âlde spul moat earst oan ein. Sa dogge we dat net by it seisde. Dêr meie de mannen op leeftyd oan de kant begjinne en dan in tsjinstander útsykje dy’t by har past. En dan nei sa’n 20 minuten komme se der yn, meastal ek noch yn de oanfal. Dizze wurkwize wurket goed, want de âldste man wie hjoed wol de topskoarder en dat yn 2/3 wedstryd. No hiene we net allinne âld spul hear, we hiene ek twa jonge blommen liend: Janna en Ilse.

We mochten foar de tredde kear dit jier tsjin SDO2 út Schoonoord. De earste kear krekt lyk spile, de twadde kear wûn, dat we wiene benijd wat it dizze kear wurde soe. Skiedsrjochter Ljibbe seach de earste helte twa ploegen dy’t oan elkoar weage wiene. En mei it moaie waar ferwachtsje je in protte doelpunten, mar der waard sa strak ferdedige, dat se djoer wiene. It wie dan ek 5-4 yn it skoft doe’t we foar de earste kear tiimoerlis hiene yn de moaie ferbouwde en opknapte klaaihokken. Neffens de wurdfierder diene we it goed, wol moasten we yn beweging bliuwe, goaie en rinne. En oppasse foar de blokken dy’t set waarden. De twadde helte wie foar de kombinaasjeploech, in kondysje as in bear. Wol wolle we jim noch eefkes op hichte bringe fan ús nije fariant op de strafworp, 2 x mis en fange en de oare hear fuort raak sjitte. De tredde kear waard der roppen dat ús fêste strafworpnimster mar wer op de stip stean gean moast, en sy lei him der wer feilleas yn. No ha we net allinne âld spul yn it 6e, jim snappe wol dat de jonge, fitale mannen de tsjinstanders earst warch meitsje en dat oaren it dan ôfmeitsje kinne. (Oars krij ik aanst spul en dat wol ik net). 14-8 ha we wûn. Oare wike sille we te peasaaisykjen nei Hoogezand. Goorecht 1 is dan ús opponint.

Doepunten: Gooitzen 3, Gerard 3, Sjoukje 2, Anneke 2, Michiel 1, André 1, Janke 1 en Jakob 1.