It 6e slút it jier goed ôf.

(DOW/WH 6 – Kinea 4)
As it earste op saterdei spilet dan meie wy as 6e sneintemoarns in oerke letter begjinne en mei de krystdrokte foar de doar kaam dat moai út. Kinea út de Knipe stie hjoed op it menu. Kinea wie wat fan slach, se wiene de shirts ferjitten. Dat yn it begjin wie in mengelmoes oan kleuren wêr ’t we tsjin spilen. Dizze kear foar it earst we de lieding yn hannen fan Skiedsrjochter Henk de Haan fan Burgum, wêr ’t in útwisselingregeling mei troffen is.
De mannen Wobbe en Michiel soargen foar 2-0. Doe hiene we eefkes in ûnderbrekking (striptease), de shirts wiene brocht. Dit brocht it kombinaasjetiim net fan slach, se skoarden der op los. Troch ôfstanders fan B&B (Betty en Bonne) en in strafworp fan Janke kamen we op in 5-0 stân. Doe helle ek Kinea de 0 fan it boerd. Nei it skoft kaam Kinea noch eefkes tichterby, se wisselden ek nochal swier. It waard 8-5. Ek by it 6e waard de taktyk oanpast, we woene dizze wedstryd ús net ûntglippe litte. Alle spilers droegen stientsje by oan de skoare. En dit kear ek moai ferdield, 7 troch de mannen en 9 troch de froulju. 16-6 wie de einstân. De spilers fan it 6e winskje de lêzers noflike krystdagen en in sportyf 2016 ta. Yn it nije jier binne wy de foarwedstryd fan it earste en om in oer as fjouwer te bewûnderjen yn de sporthal fan de Kompenije (Jubbegea). Oant dan!!
Doelpunten: Betty 4, Janke 3, Bonne 2, André 2, Goaitzen 1, Wobbe 1, Sjoukje 1, Grytsje 1.