It 6e rint op alkohol

Om’t we de lêste wedstryd ferlern hiene, wie it saak om alle kopkes de selfde kant wer út te krijen.  Dat saterdeitejûn moasten we ús meldde, it leafst mei partner, foar de morele ûndersteuning. Under it genot fan wat iten en in drankje waard it “moreel” wer op krikt en doarden we it snein wol oan tsjin SCO 5 út Oldeholtpea. No hiene we it saterdeitejûn sa betocht, dat we in bierfak meitsje soene en in oar fak, mar dat like ús tiimmanager sneintemoarn toch net mear sa’n goed idee.

No sizze se wol ris dat “melk, de witte motor” is, mar op alkohol kin it 6e ek aardich draaie. Yn de earste minuten wie de fokus der noch net hielendal en kamen we ek mei 0-1 efter. Mar doe begong it te draaien by it 6e. Op de stân 4-2 foel Jakob út, dat wie al wat in domper (betterskip). Mar we kinne wol tsjin in tsjinslachje en rûnen út nei 10-2. Krekt foar it skoft, nei in pear aparte oanfallen om ’t we tochten dat it hast tiid wie, makke Michiel mei in moaie passearbeweging  de 11-2. Yn it skoft wie der net folle te bepraten. De waard noch al eefkes gokt op de einstân.

Nei it skoft waarden we ferrast troch de “Doetie-bal” al waard er troch de tsjinstander in “Blauwwitje” neamd. By de stân fan 14-4 makke Christine har rentree, nei in slepende blessuere. Dêrnei noch in ferrassende wissel. Anneke ferruile har shirt en ferfong in dame fan SCO mei in seare foet. (En makke ek noch ien foar  SCO, grrr). We ha wûn mei 15-8 (16-7).  Oare wike mar wer sa’n feestje, al moatte we dan wol hiel betiid om 10.00 oere tús tsjin Leonidas 1. (Hillebrand en Anneke super dat jim de kaninetsjinst noch eefkes kamen ferfangen)

De doelpunten: André 3, Michiel 3, Geriene 2, Gooitzen 2, Wobbe 2, Gerard 1, Sjoukje 1, Jakob 1 en (Anneke 1)