In goed begjin….

Fanút alle hoeken fan it lân ( Fryslân, Grins én Drinte) kamen de spilers fan ús romruchte 6e tiim nei “De Kompenije” foar de earste krêftmjitting dit jier . Dit wie ek fuortendaliks de earste konfrontaasje mei it 2e tiim fan WK út Jobbegea dizze kompetysje. En se wiene dêr mar wat bliid mei ús komst blykber want it feestje wie dêr al moai los. Ris sjen oft se oan it ein fan ‘e middei noch sa bliid mei ús wêze soene….!

De hal wie moai leech dat der wie tiid genôch om in yntensive warming up te draaien en dat mocht ek wol, want it gie hjoed net om samar in wedstrydsje: we stiene samar yn it foarprogramma fan ús earste tiim! De hiele seleksje én de haadtrener op ‘e banken en in moai protte publyk, no, dan wolle je as âld rotten ( oanfuld mei in pear jonge rotsjes) noch wol efkes wat sjen litte fansels!
De yntusken wol bekende skiedsrjochter Koopmans fluitte kreas op ‘e tiid yn. De popkes wiene wer goed ferdield; de famylje Benedictus oanfuld mei Janke foarme de earste definsje en oan de oare kant soene Michiel, Goaitzen, Sjoukje en Betty fuort oarde op saken stelle yn ´e oanfal! Wobbe en Annemarie ( it oare jonge rotsje) mochten earst de bank waarm hâlde.
It 6e hat de opgeande lijn te pakken en wol dat fansels graach trochsette yn it nije jier .Dat we hiene de kopkes der fan it begjin ôf goed by . It earste doelpunt yn it nije jier kaam op namme fan Michiel dy’t fuort suver wie fan ôfstân. Ek Goaitzen wie tûk en dat betsjutte al in foarsprong fan 2 punten op it skoareboerd. Nei’t Tije Frits de 3-0 yn ‘e boeken ( lês: op it briefke) brocht hie wie it efkes gebeurd mei de gloarje. WK koe samar 3 kear op rige skoare , û . o. troch twa frije ballen. We wiene wer werom by “af” ; 3-3. Dat de doelpuntsjes hjoed wer djoer wiene waard al gau dúdlik en eins wie dat mar goed ek want it briefke foar de statistieken wie net al te grut…. De klaaiboksen waarden opsocht mei in meagere 4-4 .
Mei de nedige taktyske oanwizings fan trener-spiler-coach Wobbe yn ‘e bûse ( Sjors by de koer wei hâlde!) fol goeie moed it fjild wer yn foar it twadde part. It bleau in swiere klus om dit WK fan ús ôf te skuodzjen. En slaggenwe der yn in gatsje te slaan, kaamWK like hurd wer by . It waard 6-6 mar op ‘e nij kamen we twa puntsjes foar. Mar no wie it lêste wurd foar Janke! Mei in strafworp en in ynrinner dielde hja úteinlik de genadeklap út. It kealle swier ( en dat wylst André der net iens by wie) mar de puntsjes wiene binnen!
We ha de haadtrener fansels noch oanbean om noch efkes sitten te bliuwen mar se koene it sels wol ôf sa die letter bliken. It earste fan WK waard mei leafst 14-31 oan ‘e kant set! Likernôch gie it feestje dêr gewoan troch….

Goals: Michiel 2, Janke 2,Wobbe 2, Gooitzen, Bonne, Tije Frits, Betty.