In appeltsje te skilen….

DeBargebos/Benedictus formaasje (tiim 6) moast ôfrûne snein spylje tsjin it tredde tiim fan DES út Noarch (Norg). De útwedstryd hiene se ús wat te pakken hân, troch oan it ein fan de wedstryd noch inkele seleksjespilers der yn te setten en dy koene ús foarsprong doe omsette yn in efterstân.  Schillen van een appel 03
No soene wy dat ek wol dwaan kinne, mar it is folle moaier om mei je eigen tiim te striden, de oerwinning smakket dan better en oars mar stridend ten ûnder. No striid ha we wol levere, mar fan beide kanten hiel sportyf. Yn de earste helte wiene it foaral de mannen dy’t soargen foar de sifers op it skoareboerd. Nei de 3-3 koene we in moai gatsje slaan nei 7-3. Yn it klaaihok hie DES goeie ynstruksjes hân fan harren coach. Se kamen wer hiel ticht by (7-6). It wiene foaral Betty en har dame dy’t in ûnderlinge striid hiene en om en om skoarden. Nei spannende lêste minuten stie der dochs nei 60 minuten in 9-8 foarsprong op it boerd. In leuke, sportive wedstryd en mei in “de volgende keer zijn de punten weer voor ons” namen de tsjinstanders ôfskie. Oare wike ha we in kear frij krigen fan de bûn en dan binne we “valentijnsdag” wer te bewûnderjen tsjin Roreko.
Doelpunten: Betty 3, Janke 1, Michiel 1, Jakob 1, Bonne 1, André 1 en Wobbe 1