Hjerstdip by it 6e

It 6e moast sneintemoarn moai op tiid tsjin it kombinaasjetiim út Goutum en Hempens. Troch de jierren hinne is der al faak tsjin dit tiim spile en de bekende koppen kamen dan ek ien foar ien it klaaihok út rûcheljen.

 

Ljibbe fan de spilersrie hie twa snelle dames foar ús regele (Riekje en Froukje) en hy hie sels de lieding fan de wedstryd yn hannen. De spilers fan DOW/WH wiene like ûnrêstich as it waar bûten. Hiel hurd wurkje en rinne, mar it waard net eefkes goed delset. De oare ploech die dat wol en dat resultearre dan ek yn in foarsprong. Betty sette mei in trochrinbal ús earste punt op it skoareboerd. Ek Michiel en Bonne diene “een duit in het zakje” en sa gongen we de klaaihokken yn mei in 4-7 efterstân.

Yn it skoft waard ôfpraat dat de froulju wat mear risiko nimme soene, der wie noch net ien dame fan WW/WF echt gefaarlik west, de hearen hiene alles noch makke. De twadde tip spylje mar ris in bytsje toaniel. De tsjinstander krige ek faak de bal mei as se op de grûn lizzen gongen. (wy wisten doe noch net dat dat oan de flier lei). Mar ek dizze tips holpen net echt. Nei it skoft wie it byld gelyk. Sa gong ek dizze twadde wedstryd foar it leechste tiim fan DOW/WH ferlern. En net allinne it KNMI joech koade oranje, ek op de gesichten fan de spilers wie it stoarm en ûnwaar. 9-15 wie de einstân.

Oare wike hoopje we wer yn rêstiger farwetter te kommen en binne fan plan om dan echt mear dan 10 goals te meitsjen.

Doelpunten: Michiel 3, Betty 3, André 1, Bonne 1 en Christine 1.