Hartstikkene moai.

Roreko 4 – DOW/WH 6

By Cambuur duorre it 9 maanden foardat se in oerwinning by skriuwe koene. Like lang as it wachtsjen op in poppe, neffens trener Henk de Jong.

Henk mei resultaat fan 9 maand wachtsjen

Henk mei resultaat fan 9 maand wachtsjen .

By it 6e waarden se ek al wat ûnrêstich, yn de seal noch gjin punt helle. We soene Foppe al hast belje foar in gasttrening om ek by ús it Foppe-effekt te beriken, mar dat hoech allegear net mear. De earste twa punten binne yn de pocket. Snein brocht de tomtom fan Janke ús nei de sporthal yn de Wijk ta. It fjirde fan Roreko stie ús dêr al op te wachtsjen. Se tochten dit wurdt in makje, in ploech dy ’t alles noch ferlern hat, dizze punten binne al binnen. Ek wy hiene de foto’s op de site ris besjoen en ek by ús kaam waard tocht, dit moat hjoed kinne. Al kin je net altyd op it úterlik ôfgean. De earste goal wie foar de túsploech, Betty makke dêrnei ien, hast by de middenline wei. André soarge foar de 1e foarsprong en de âldste man út it fjild makke 2-2. Doe krige Michiel spul mei de kuorbalpeal, de peal woe net oan kant en nei in rare buiteling hie er in dikke bult op de holle en lêst fan syn ankel. By Roreko hiene se in moaie blonde fersoarchster dy’t al gau mei iis klear stie, dat wie dêr super regele.

de helpende hân Foar Michiel

de helpende hân

No krigen we de beide “korballogen” Wobbe en Goaitzen yn ien fak en dat pakte goed út, Wobbe makke in gatsje fan twa doelpunten. We bouden de foarsprong moai út, de measte goals fan ôfstân, mar ek stonken se yn de begjinbal. De twadde helte waard it allegear al wat grimmiger en fysyker. Der waard net sa bot fluite dat alles moast útfochten wurde. We ha al ien frije bal hân en dy waard ek makke (100% skoare). We skoarden eltse kear moai op tiid en sa stie it nei 60 minuten kuorbaljen 7 -12. Dit ha ek nei de bond stjoerd ,foar it earst mei it digitale wedstrydformulier.
Doelpunten: Wobbe 5, André 3, Janke 2, Goaitzen 1, Betty 1.