Harregat.

ien fan de bikkels fan 6e op nei it fjild sneinte moarn

ien fan de bikkels fan 6e op nei it fjild sneinte moarn

Moarns betiid sjoch je earst it sintsje troch it raam kypjen, mar in tel letter tikje de hagelstiennen tsjin it glês oan. De holle mar wer ûnder de tekkens en der net oan tinke dat je om 11.00 op it fjild stean moatte. Hast ein april en dan sok waar. Om healwei 11 lei it fjild klear en it wie noch droech, mar wol in swarte loft boppe de mar.

Doe’t om 10 foar 11 de hagelstiennen ús om de earen fleagen ha we besluten om dit kear de tiimbesprekking mar binnen te dwaan mei in waarm bakje kofje yn de hannen. In tsjinstander dy’t we noch net earder troffen hiene, VZK ( van zessen klaar). De famylje Benedictus/Meijers hie wat skea oprûn yn de lêste wedstryd, dat dy bleaunen oan de kant. Ek Goooitzen mocht foar dizze kear oan de kant begjinne. Nei wat in stroef begjin, it duorre noch al eefkes foardat de earste goal foel, kaam it 6e op gong. It waard sels 8-2, makke troch 7 ferskillende minsken. Doe kaam VZK wat yn in “flow”. Wobbe (trener fan TFS) spile tsjin de Otto(trener fan de Pein). Otto hie al sein dat it nei it ferlies fan de wike derfoar tsjin TFS noch wat rjocht te setten hie. Sa waard it dochs noch wer spannend foar it skoft, 8-6. André dy de deis derfoar in jier âlder en ervarenen wurden wie makke fuort 9-6 en Sjoukje fleach om har dame hinne 10-6. Yn ‘e twadde helte binne we net mear yn gefaar west. We skoarden op tiid en hiene it yn de ferdediging aardich ticht. Ek fan boppe ôf gjin ferrassingen mear, in pear spatsjes mar en oan it ein sels it sintsje. It lêste doelpunt kaam op namme fan Michiel dy’t der 16-10 fan makke. Om’t it waar yn Fryslân wat ûnstabyl is, sil de trener fan it 6e dizze wike sjen oft er yn Spanje ek in sattelytklup begjinne kin. Of miskien in goed plak foar in treningskamp. Dêrom is der kommende woansdei gjin trenen.
Doelpunten: André 4, Anneke 3, Michiel 2, Jakob 2, Wobbe 1, Betty 1, Sjoukje 1, Janke 1, Gooitzen 1.