Girls, girls, girls.

De Haagse sjongeres Anouk song it yn 2004 al, “girls, girls, girls”.

anouk girl


Tsjin Wêz Warber/Wêz Fluch wiene it de fryske en de handige famkes dy’t it 6e skoarend yn de race hâlde moasten.

By de tsjinstander wiene it foaral de boys dy’t it de bal troch de koer krigen. It begong wol goed mei in 2-0 foarsprong. Mar de koprinner yn dizze klasse kaam toch wer lyk. En mei in fade-away ( ja dat kin se ek op dit niveau) kamen we ek noch achter. Dêrnei gong it in skoftsje lyk op, mar WW/WF sloech foar it skoft dochs in gatsje fan fjouwer doelpunten. Mei in 6-10 efterstân gongen we richting klaaihokken foar de tee en in taktysk gesprek. It kaam der op del dat de mannen ek in pear meitsje moasten en dat de froulju yn de ferdediging der goed foar moasten. Nei it skoft gong de topskoarder fan de ploech út Goutum en Himpens derút, mar de kaam in rûchhouwer yn, om noch mar in quote fan Anouk oan te heljen: “He turned us inside out en upside down” . We rûkten doe kânsen. De spirit kaam wer yn de ploech en op 14-14 kamen we foar de earste kear lyk. De topskoarder kaam doe al gau wer der yn. Se waarden bang foar ús. Wer achter en wer lyk en doe wie it op foar it 6e. In moaie spannende wedstryd waard mei 15-17 ferlern. It fielde as in “ice cold fever”. Ien “girl” sil spesjaal noch eefkes neame, Hiske, super datst mei ús mei dwaan woest. No moat we noch ien dit seizoen tsjin WW/WF en de lêste kear sil we de alles oan dwaan om dit tiim dochs in kear in nederlaach ta te bringen.
Doelpunten: Betty 4, Anneke 3, Janke 2, Mark 2, Christine 1, Hiske 1, Wobbe 1, Jakob 1