Fris en fruitich.

Fris en fruitich begong it 6e it jier 2017, wer in nij jier mei kânsen en mooglikheden. Ek de skieds woe fris oan de wedstryd begjinne, foardat er syn swarte shirt oanluts naam er earst noch in “deo-douche”. Wol respekt foar dizze man, de hiele fekânsje yn de klaaihokken omwrotten, saterdeis al in wedstryd fluitte, snein om 10 oere al in wedstryd spile en fuort der efteroan ek it 6e noch eefkes fluitsje en middeis ek noch teammanager.

Dêr kinne hiel wat leden fan WH in foarbyld oan nimme. Gerard naam fris wol hiel letterlik en wie der net, hy boarte fier fuort yn de snie. Sjoukje fielde har net sa f en f, dat sy bleau hjoed op de kant.
De ienige ploech dy’t we noch net hân hiene yn de kompetysje wie VKC , mei âld WH-spiler Roelof Wiering yn de gelederen. Wy steane op it boppeste plakje en sy hielendal ûnderoan. Dan moat je altyd oppasse foar ûnderskatting. Jakob hie fêst goeie foarnimmens , de 1-0 en de 2-0 (in ynrinbal mei ien hân) kamen op syn namme. Sa kabbelden we we moai troch nei in 12-4 foarsprong yn it skoft. Wat we noch eefkes neame wolle, dat er Geriena har earste en ek fuort har twadde offisjele kompetysjegoal makke hat by it Meppelinkteam. Ek nei it skoft waard it net echt in wedstyd. Wat we noch wol fan VKC leare kinne binne frije ballen, se ha der 3 hân en trije makke. De ein útslach wie 17-8. Oare wike mei we wer in hiel ein fuort, dan dogge we tsjin Samen Een 1 út Giethhoorn.
Doelpunten: Jakob 3, André 3, Betty 3,Wobbe 2, Michiel 2, Geriena 2, Janke 1, Gooitzen 1.