De D.O.W kangoeroe klup.

Woansdei te middei 8 oktober wie it wer sa fier. De D.O.W kangoeroe klup.
Der wienen in protte jonkjes en famkes.
Om earst efkes waarm te wurden, ha wy de kabouter Plop dûns dien. Die dûns koe elk bern wol.
Der wienen 3 groepkes makke mei elts + 5 bern.
It 1ste spultsje wie pitte sekjes troch it klimrek smite. Hoe heger as de bern der troch smiten hoe mear punten.
By it 2de spultsje moasten de bern fiele wat der yn de hjerstdoaze siet. Dat wie echt hjestich, der siet û.o. in dinneappel yn en in spin.
Mar as lêste siet der in in snoepke spin yn, no dy wie hearlik fansels.
It 3de spultsje moasten de bern slalomme om de pionnen, dan oer de bank, op de kast, der ôfspringe de bal pakke en dan in doelpunt meitsje op de koer.
Doe wie it skoft. In bytsje drinken wat sâltestokjes efkes kleurje en dan wer fierder.

sekjes troch it klimrek smite

sekjes troch it klimrek smite


It 4de spultsje wie in ferklaaiers spultsje. As de bern in doelpunt makken, dan mochten se wat op of oan dwaan.
It lêste spultsje wie knuffels fan de kast ôfsmite. De knuffels en de ballen fleagen alle kanten út.
Doe wie de middei al hast wer om, de earste memmen wienen der al wer om de bern op te heljen.
Nei it ôfslút spultsje mochten de bern de kleurplaat mei nei hûs nimme en in formulier as se ek lid wurde wolle fan D.O.W.
Dat lêste wolle wy graach fansels.
It wie in moaie middei, it oerke wie samar om.

Oant in oare kear