Club people

Snein moasten we tsjin it tredde fan Club Brothers, dan tink ik fuort: Je dogge oan in tiimsport mei mannen en froulju en dan kies je foar in namme mei allinne mar de brothers deryn. Soe Club Human of club people dan net folle better wêze? (of Club gender neutraal waard my hjir tús yn it ear flústere)

Dit tiim stie foar dizze wedstryd noch twa punten boppe ús, dat as we noch wat woene dan moast it hjoed wêze.  Wy waarden ek al rom foar de wedstryd yn it hokje roppen en Wobbe sette ús op skerp. No en dat hat holpen. We kamen mei 6-0 foar, foaral Anneke wie tûk, mar dat kaam fêst om’t har mem en oare famylje op de tribune siet, dan dogge je in stapke hurder. Doe’t CB wat fan de skrik bekommen wie, kamen se wer better yn har spul en waard it 8-6 krekt foar it skoft. Doe krigen we nije ynstruksjes, we moasten mear oarloch meitsje ûnder de koer en die wurden kamen út de mûle fan de man dy’t oars predikt “make love, no war”. En foaral de dames mochten net mear sa maklik oplosse litte, striid ûnder de koer. Fuort nei de pauze pakte dit noch net goed út en kaam CB op ien punt. Mar doe krigen we de smaak te pakken en wie it opletten foar skiedsrjochter Pier-Jan. Hy moast noch hast tusken beide komme, tusken twa stridende froulju. Jakob soarge foar in moaie foarsprong en doe koe it oanfalsfak de wedstryd útspylje en dat diene se knap, mei in oanfal dy’t mear as twa minuten duorre en eindige mei in goal fan Gerard. No steane we wer lyk mei CB, dat der wurdt in melker regele foar nije wike  snein, we geane der foar!!!.

Doelpunten: Jakob 5, Anneke 4, Wobbe 3, Betty 2 en Gerard 1