Carpoolen

It gong der om wei yn de appgroep fan tiim 6. En dat moarns betiid nei de spultsjesjûn. André hie in belôfspraak mei Ljibbe, Sjoukje frege oft Wobbe de ôfspraak op it carpooleplak net ferjitte soe. As je dat sa lêze kin je ek hiele oare dingen tinke, der binne al hiel wat relaasjes ûntstien by it kuorbaljen en ek al hiel wat stikken rekke. Mar dit wie allegear om de popkes wer op it júste plak te krijen. André wie detacheert by it 5e en Sjoukje moasten we healwei oppikke by it carpooleplak tichtby V en V.

Doe’t we nei in hiele rûnreis yn Ljouwert oankamen, wie it ljocht yn de sporthal noch út en de kachel noch net oan. It twadde tiim fan Wêz Warber/Wêz Fluch wie hjoed ús tsjinstander. De túswedstryd kamen we der net oan te pas en waarden we fan alle kanten oerklast. Dat soe dizze kear oars. De earste skot wie dan ek fuort raak, mar doe gong it mis. De mannen fan WW/WF wiene tûk en se sloegen in grut gat 6-1. Doe kamen de diesels fan DOW/WH ek op gong. Foar it skoft makken we it gat lytser (7-5). In kanonskûgel soarge foar 8-6 en op karakter kamen we lyk 8-8. En sels noch foar, 8-9. Oant 10-10 lykweardich, mar doe diene Marco K en Jappy N. ús toch noch wer de “das”om. 12-10 wie it oan it ein fan de wedstryd. Hiel wat better dan de foarige kear en folle lekkerder spile dan de wyks derfoar tsjin Moedig voorwaarts. Om noch wat yn de stijl te bliuwen fan de feestjûn, binne de goalgetters hjoed yn anagram der ûnder set.

Kobaa Wijmeers 3, Himhim Leezeuck 2,Beer Konnak 1, Tiem Schrijsieren 1, Doebben Duintecs 1, Atta Metsby 1, Hosta Jam Hoekireng 1