Als ze er niet is………

De Dijk song it al, “als ze er niet is weet een man pas wat hij mist”. En sa wie it snein ek by it 6e. Us captain wie siik tús en dan binne wy hielendal fan slach, foaral de mannen. Wy misten de strakke lieding en de stjoerende eagen.

We mochten wer tsjin Goorecht  1 út Hoogezand en dat is net ien fan ús favoriete tsjinstanders. We hâlde fan flot kuorbal en net fan dat drege achterferdedigjende spultsje dat se dêr spylje. Dan is it ek gjin wûnder dat de tribunes leech bliuwe. De doelpunten wiene djoer op dizze snein. Yn it skoft stie der 5-5 op it boerd. De twadde helte waard it net better en wiene der frij wat yrritaasjes. Dat mei noch 3 minuten op de klok waard de beslúten om der mar mei te stopjen op in stân fan 12-9. Oars soe it kanjerjild opgean oan boetes en dêr kin je ek hiel wat oars moais fan dwaan. En dat ha we dan ek maar dien. De kofje en it apelgebak smakke bêst healwei de reis.

Frederik en beppe Jeike soene jim Janke wer “op de been“ helpe kinne mei wat útperste sinaasapels, krachtfoer en leafde. We kinne net sûnder har.

 

Doelpunten: Sjoukje 2, Wobbe 2, André 1, Gerard 1, Christine 1, Betty 1 en Anneke 1.