Alles foar in tút fan de foarsitter.

Nei de lêste wedstryd dy’t we ferlearen fan Vefo, hiene we net mear tocht dat we noch yn de “running” wiene foar it kampioenskip. Mar ek Club Brothers (ús neiste konkurrint) liet de punten lizze. Sa kaam it, dat der dochs noch wat op it spul stie tsjin de Pein 3. De gielswarten kamen diskear mei in ferrassingstiim, se hiene in pear âlden fan stâl helle en ek noch in pear jonge hokkelingen. Dêrnei soene se ús noch fan slach bringe troch 3 kear te wikseljen fan fak, se snappe dêr noch net dat je as túsploech opstelle moatte en dat is toch al jierren sa. Mar doe’t eltsenien dan op syn of har plakje stie koene we los. Wobbe en Gerard (dy’t op hichtestaazje west wie) makken der fuort 0-2 fan, dat de toan wie set. Janke makke mei har spesjaliteit (de strafworp) der 1-3 fan. Eins gong it sa de earste helte wat troch, wy makken ien en dan makke de Pein ek ien, mar se kamen noait lyk of foar. De stân healwei de wedstryd wie 5-6. Janke woe de twadde helte graach blubberje yn de Biddlerun, dat moasten we gau noch ien fan de bank plukke. Anne-Femke, super dat’st ús út de brân holpen hast. Bonne liet syn famylje eefkes sjen wat skoaren is en makke der 5-7 fan. Doe koene wy ús foarsprong útbouwe nei 3 doelpunten en dat ha we ek net wer wei jûn. De einstân wie 9-12. De DJ fan WH/DOW draaide doe spesjaal foar ús: “we are the champions” en fan de foarsitter en syn frou krigen we doe allegear in moaie roas en in pear dikke túten. Sa’n roas is moai, mar de túten dêr dogge we it úteindelik allegear foar. Ek tsjinstander de Pein hie noch wat foar ús yn petto. In moaie skaal mei bitterballen foar by it oerwinningsbier (tige tank).