Dizze kear twa koarte ferslagen yn ien. Foarige wike snein moasten tsjin wêzwarberfluch. Gjin skiedsrjochter, dat Wobbe yn syn knappe bûsgroentsje en sneinske skuon der mar foar. Dat der noch wat op it spul stie wie wol dúdlik. De tsjinstanner wachte oant wy ús opsteld hiene.
André wie dêr nochal tûk en krige no persoanlike dekking en de oare hear gong hingjen. Dit makke foar ús it spul wol hiel swier. Foar it skoft mar 2 makke. It woe net. We woene dizze wedstryd dy’t mei 6-11 yn de boeken kaam dan ek mar gau ferjitte.
Doelpunten: Gerard 2, Michiel 1, André 1, Jakob 1, Anneke 1
Ofrûne snein moasten we út nei Rodenburg 4. Op de transfermerke hiene we goed ynkocht, in heryntredende dame (spile foarich jier noch yn it earste) en de topskoarder fan de A1. We begongen in stik better as de wike derfoar, de earste twa pogingen wiene fuort raak. Rodenburg, mei in hiel geroutineerde ploech liet dat net oer har hinne komme. Sa gong it moai lyk op en wiene wy hyltyd de earste ploech dy’t skoarden. Krekt foar it skoft sloegen se in gatsje fan trije doelpunten. Nei wize wurden by de tee, kamen we wer lyk, foaral troch it skoarend fermogen fan Henk. Nei in pear dubieuze beslissingen en sels noch in springbal, krigen we in bytsje it gefoel dat we dizze wedstryd net winne soene. It lêste wapenfeit kaam fan Fardau dy, tekene foar de 15-11. Al mei al ha we in moaie kompetysje spile, mei allegear kuorbaljende ploegen. 3 x wûn en 3 x ferlern, in echte middenmoter dus.
Doelpunten: André 3, Henk 3, Jakob 2, Anneke 2, Fardau 1
Jûns hiene we dûbel feest, BBQ op it Wytfean mei alle oanhang en bern en dronken we fuort ek in poppeslok. No komt binnenkoart it folgjende strûkelblok, we binne útdaagd troch it 4e tiim om te oefenjen. Sa ’t it no liket sil dat heve op 30 oktober. Wa doart it oan om dit duel te fluitsjen??