Alles diele??

No’t we wat langer mei elkoar spylje leare we elkoar wat better kennen. Net allinne yn it fjild, mar ek de gewoantes tús komme wolris ter sprake. Sa witte we no dat ien fan de hearen foar de wedstryd in waarm bad nimt, ien fan de hearen krekt de dûs ferbouwd hat en ien geregeld yn de sauna sit. In oare hear docht geregeld oan fotosessies mei. Foar sommige fan ús froulju is dizze” inside information” wolris wat te folle, se tinke yn bylden en bin dan foar de wedstryd al hielendal oerémis. Soks spilet him allegear al ôf foardat we oan de wedstryd begjinne kinne. Snein spilen we foar de twadde kear tsjin Kinea 4. In ploech krekt as ús opbouwd út wat âldere spilers en en oanfult mei wat jongere spilers. De start wie goed foar it kombinaasjetiim, de mannen fan it earste oanfalsfak (Jakob en Michiel) skoarden beide. Kinea makke al gau wer lyk. En oant it skoft gong it aardich lykop, mar it wie altyd it tiim mei de pompeblêden dat as earste de skoare op it boerd sette. Healwei de wedstryd wie it 4-6, net folle doelpunten, mar dat binne wy wol wend by it 6e. De twadde helte wie it byld itselfde al waard der no troch it twadde oanfalsfak ek wat makliker skoard. Christine rekke aardich op skot en ek Wobbe krige de gesichtsútdrukking weroan Anneke al sjen kin dat it skot raak wêze sil. Sa koene we it gatsje wat grutter meitsje en stie der oan it ein 11-14 op it formulier. Nei ús kaam it 5e tiim en dy leine noch kampioenskoers, dat wy hiene Gooitzen al sparre en hy makke de winnende goal tsjin Kinea 3. Ek Sjoukje hat har lêste enerzjy brûkt om it 5e te steunen. No wie der nei de wedstryd in diskusje, der wiene guon dy’t fûnen dat sommige doelpunten dield wurde moasten, om’t se der in grut oandiel yn hân hiene. Dit wurdt de skriuwster fan dit stukje wat te folle wurk, se krije no de punten tegearre.
Jakob en Betty 6, Wobbe 3, Christine 2, Michiel 1, Sjoukje 1, Janke 1