1 April…

Earst tink je noch, dit is in grapke fan de KNKV. Op 1 april, earste Peaskedei kuorbalje tsjin Goorecht 1. Mar niks wie minder wier. Dus de plande peaskebruch waard in betiid “ontbijt” en de grappen moasten foar de kofje al úthelle wurde. In pear tiimleden hiene dan ek al wat oars yn ‘e holle foar de peaskedagen en dat snappe we. Je moatte it túsfront ek tefreden hâlde. Sjoukje moast dus flink oan de bak om 10 minsken tusken de linen te krijen (Anneke en Henk mar wer bedankt!).

De lêste kear tsjin Goorecht wie net de leukste wedstryd fan it seizoen, dat fan de tiimbegelieder krigen we mei, om foaral lekker te kuorbaljen en ús eigen spultsje te spyljen. En dat ha we dien. Foar dat we wisten hiene we al tsien ballen troch de koer goaid. En doe ’t we om tee gongen stie in 12-1. Wat in ferskil mei de foargeande wedstriden tsjin dizze ploech. Der siet gjin kriich yn en gjin spulplesier. Je moat al wat in doel hâlde, betochten we mei syn allen. It doel waard 20 doelpunten meitsje en dat is slagge. We ha de wedstryd wûn mei 25-4. Safolle ha we noch noait makke mei it 6e.

No hiene we de earste helte in knappe sekretarisse (Marit Bol) dy’t alles goed opskreaun hat. De twadde helte moast se te aaisykjen. Dat der misse wat doelpunten. Net lulk wurde as it der ferkeard ûnder stiet, der sit wat gokwurk by.

Doelpunten: Wobbe 6, Gerard 4, Jakob 4, de Anneke’s 4, Betty 3, Henk 2, Sjoukje 2.