Kampioen.

Snein wie safier, de minsken fan it 6e koene kampioen wurde. Dat der dan toch wat spanning op sa’n wedstryd komt, wie wol te fernimmen. Ynienen waard ús warming-up hielendal oars. Meastal is it wat sjitte en in pear ústartbaltsjes, no woene se yn ien kear ynrinballen meitsje. Sels de fakken wiene oars en oft it no dêrtroch kaam of troch de spanning, it rûn it earste kertier net sa goed. En pas by 5-3 hiene we foar it earst in gatsje te pakken.

De skoech fan in hear fan WK kaam net mear troch de APK en dan is Gooitzen net ien fan de minsten. Hy liende syn ekstra pear skuon út mei de opmerking, dizze meist wol liene, mar je kinne der net mei skoare. Nei dit akkefytsje koene we fierder en sa sieten we healwei de wedstryd mei in 7-4 foarsprong yn it klaaihok. Neffens Bonne gong it goed en dan hoe je fierder ek gjin wurden smoarch te meitsjen.

Nei it skoft wiene it foaral de froulju dy’t de tried goed oppakten. Christine skoarde in moaie trochrinbal út de romte en ek Anneke hie troch de trening fan soan Mark wer wat mear selsfertrouwen. It waard noch al eefkes spannend op 10-9, mar we rekken net fan de wiis en skoarden troch oant 15-11. Troch it bestjoer waarden we doe yn de blomkes set (Super !!!) Dêrnei koe it feest hast los. Der moast earst noch molken wurde en guon taskouwers kinne net mist wurde by it earste. Mar om healwei 5 stie BBQ klear op it Wytfean en koe it kampioenschap fierd wurde ( mei bern en oanhang). Oer dit feest lit ik fierder niks los; what happens at ’t Wytfean, stays at ’t Wytfean.(Ja ek dat fan de KaWi.)

Doelpunten: Christine 3, Jakob 3, Anneke 3, Gerard 2, Bonne 1, Gooitzen 1 en Betty 1.