Hokkelingen

Wordt Kwiek 1 – WH/DOW 6

Sneintemoarn wiene der in pear hokkelingen dy’t wolris wat mear fan de wrâld sjen woene as it Wytfean. Se tochten dat it gers by de buorman griener wie. Dat wy moasten dit kear sûnder ús topskoarder André richting Jubbegea. Ek wy waarden loslitten op echt gers en moasten ek binnen de omheining bliuwe. Der wiene in pear yn it tiim, dy wiene hielendal yn hun sas, wat lekker in kear gewoan gers en wat rûkt it lekker hjerstich.

Us tsjinstander WK1 hie in pear mutaasjes yn it tiim, twa hearen dy’t we yn in ferline wol ris tsjin kamen by LDODK. As we tsjin WK moatte ha we eins altyd skiedsrjochter Koopmans en dat wie ek hjoed wer it gefal. Hy fluitte in “puike” partij. Al like it der healwei al op dat er stopje moast troch in blessure (of it hege tempo), mar de fersoarchster lape him lokkich  wer op.

Oer de wedstryd kinne we sizze dat dit ien fan de bettere wedstriden fan dit seizoen wie. Oanfallend flotte oanfallen oer meardere skiven en yn de ferdediging hiene we saakjes goed op oarder. We koene dan ek flot op foarsprong komme en we sloegen foar it skoft al in moai gatsje (4-8). By de tee yn de moai opknapte klaaihokken, wie der dan ek net folle te sizzen. Ek nei de tee binne we net yn de problemen west. Wat wol opfallend wie dat Jakob sa op skot wie. Soe dat komme troch dat er twa Sjoukjes by him yn it fak stiene? De wedstryd ha we wûn mei 14-8. Oare wike wer tsjin ús angstgegner Wêz Warber en Fluch en ek noch wol om tsien oere.

Doelpunten: Jakob 5, Bonne 3, Wobbe 3, Betty 2 en Gerard 1