Bonne is back.

Wat in spannende kompetysje ha we by it 6e. Alle ploegen ha twa punten nei 2 spylrondes. Allegear in kear tús wûn en in kear út ferlern. It wie dus saak om út in pear punten te pakken. In pluspuntsje wie dat Bonne oanjûn hie it wol wer in helte oan te kinnen, dat wy sitte wer wat rûmer yn de hearen. We moasten lyk as ferline wike wer tsjin de Pein 3. Fanatyk as we binne, wiene we earder op sportkompleks dan de túsploech. We koene fuort net los, de koer woe net yn ‘e pot, dat der moast in earst in stofzûger by komme. (sjoch foto). Dit probleem ha we by WH ek wol ris.De earste minuten gong it sa rap mei de skoare dat de skiedsrjochter tocht dat it wol 40-40 wurde soe. De Pein kaam earst steeds op foarsprong, mar geandewei de wedstryd koene we dat ombûge en nei 35 minuten stiene we mei 8-7 foar. Nei it skoft waard it wat grimmiger ek om’t de Pein alles út de kast helle om ús fan de oerwinning ôf te hâlden. Sels spilers fan tiim 1 en 2 waarden ynset. Wat se net yn de gaten hiene dat sommige spilers by ús tûker wurde as wat prikkele wurde of in bytsje lulk binne (of net Betty en Wobbe). Oan it ein fan de rit wie 15-12 foar ús en wiene de punten yn de pocket en koene we noch lekker yn it sintsje ien op de oerwinning drinke. Oare wike sille we nei Jubbegea, ris sjen hoe’t it mei Sjors, Hains en Trinus is.
Doelpunten: Betty 5, Gerard 4, Wobbe 2, André 2, Christien 1 en Bonne 1.