De Derby

Saterdeimiddei, panyk yn de app groep. Troch in wolkbreuk wie it fjild yn Rottefalle feroare yn in swimbad. (sjoch foto)

Dat de grappen oer bikini’s en swimbantsjes wiene al gau makke. No ha se by Wêz Handich wol ris oan it kano kuorbaljen west, mar de minsken fan tiim 6 woene gewoan balje.
De Pein 3 stie op it programma en sa’n derby jout altyd wat ekstra spanning. Der sit in âld trener fan WH yn dit team, in eks spiler fan DOW stie yn in Pein- pak oan de kant. Der binne wat famyljebannen (tante Christine en neef Teye) en wy ha ien yn de gelederen mei in Pein ferline. De Pein hie in blik junioaren iepen lutsen om ús te ymponearjen. Wy wiene gewoan mei de basis-10, lykas ferline wike. Om’t der fan alle kanten oan ús jonge talinten lutsen wurdt, hiene wy se hjoed mar tús litten.
Ien talint wie der wol en dat wie Michiel dy’t syn heit op it allerlêste momint ferfange moast (Super!!). It skoaren fan ôfstân gong al wer in stik better as in wike earder, mar dit kear woene se der fan 2,5 meter net yn.
De 1e goal wie foar de Pein, mar Betty is back en makke it mei in moaie ôfstander wer lyk. Om en om waard de skoard en hast allegear fan ôfstân troch beide ploegen. Oant 7-7 koe de Pein by bliuwe, mar mei al ús routine koene we doe in gatsje slaan. Fan 9-8 nei 13-8 en doe wie de wedstryd wol spile. We ontdekten dat Gerard net allinne fan hiel fier skoare kin, mar ek in ware strafworpenspesjalist is (100 %). De einstân wie 16-11. Oare wike mei we fuort wer tsjin de Pein. De ferslachskriuwster hopet dat Jan v/d Heide der dan wer by is. Mei syn grappen en Quotes ha je altyd sa wer wat op papier.
Doepunten: André 4, Janke 3, Wobbe 3, Gerard 3, Betty 2, Jakob 1