6e leit tsjinstander op de “Peinbank”

Peinzend staarde ús opstellingmakker foar him út. Hie er de opstelling hielendal klear, waard de 5e hear op saterdei noch wer ynpikt, hy moast mei as reserve by it twadde. Lokkich woe Michel Brinksma, dy’t al in pear kear op proef mei treend hie, wol mei ús mei. Ek Annefemke kaam de gelederen fersterkjen.
De wedstryd begong al wat nuver, in hear sûnder shirt, ynienen hiele oare fakken dan dat we ôfpraat hiene. Dat we kamen fuort mei 2-0 achter, dat wie al “peinlijk” foar ús. Mei in bytsje toaniel koene we in strafworp fersiere. Mar ek by de Pein ha se sokke talinten, Suarez wie der neat by. Doe wie it Gerard dy’t oan “peinbestrijding” die. Hy soarge der foar dat we foar it earst yn de wedstyd foar kamen. Earst in kear efter syn skot oan en letter noch in kear fan syn favorite plakje, sa’n 10 meter fan de koer ôf. Troch in útstart en in frije bal stie it healwei de wedstryd 5-7.
Annefemke kinne we wol faker mei ha, har earste skot wie fuort raak. Dêrnei kaam der wat in “peinlijk” moment foar André, nei in scrimmage kaam syn earm wat klem te sitten. Dat syn hear dêrnei fuort skeat en ek noch raak wie net sa hiel sportyf. En dat makke de wedstryd ek wat grimmiger. Neffens ús hat de man fan it Wytfean wol in hege “peingrens” mar hy rekke der al út. Ik tink dat jûns wol in pear “peinstillers”hân hat. As ploech wiene we doe al in bytsje fan slach. Sa kaam de Pein noch wer lyk mei ús en sels noch foar. Lokkich koene we dat noch wer rjochtbreidzje en ha we krekt wûn mei 11-12.
Doelpunten: Gerard 3, Annefemke 2, Wobbe 2, Jakob 2, Janke 1, André 1 en Anneke 1.