Op karakter.

Snein, mei it minne waar, mochten de minsken fan tiim 6 nij Schoonoord ta om dêr te spyljen tsjin SDO 2. Yn de appgroep hiene we it al drok hân oer welke shirts we oan ha moasten, de reade reserve shirts of de swarte yn sjitshirts. De mieningen wiene ferdield, mar in pear jier lyn hiene we de reade shirts ek al ris mei hân en doe koene sommige mannen de de hantsjes net mear bewege, sa strak sieten se. Dat dochs mar yn it swart. De skieds waard in moai giel reflekterend hesje oan dien, sa waard it dochs noch in fleurich gehiel.

We hiene 2 gastspilers mei (Gerrit en Trynke). Miskien in tip foar de bûn om yn sportlink in linkje te meitsjes mei “gastspeler”, no moasten we earst sjen op wa’t se it measte liken. Ek Geriena spile hjoed har earste offisjele wedstryd mei dit tiim. De start wie goed, Betty hie it fjoer yn de skuon en brânde om har dame hinne. Troch in blok by de koer krigen in we dêrnei in strafworp tsjin. Gerard skoarde doe hast by de sydline wei. De fase dy’t doe kaam, wie foar de blauhimden fan SDO. We waarden foaral ferrifele by de koer, fan ôfstân wiene se net echt tûk. Fanôf 5-2 moasten we hurd wurkje om wer lyk te kommen, foaral Jakob en Gerard holden ús yn de race.
Se ha fêst sein yn it oare klaaihok. Jim spylje tsjin it 6e, sokke (âlde) minsken moat je rinne litte en op kondysje pakke. Dat nei it skoft waarden we oanpakt troch SDO, it wie samar 11-6. Dan komt it op karakter oan. Mei it swart foar de eagen en troch de júste minsken út te spyljen makken we der 12-12 fan. Wat wie it spannend de lêste minuten. Nei ôfrin wiene we allegear dik tevreden mei in punt.
Doelpunten: Jakob 5, Gerard 5, Betty 1 en Gerrit 1.