Moai stikje op Fb sjoen!!

bettyOmdat net elkenien Facebook hat dit moaie  stikje fan Betty Atsma mar efkes dielt op de DOW site

Moai potsje kuorbal sjoen!

In echte streekderby, en wat foar ien :DOW -Wêz Handich 😀
Moai waar, lekker oan elkoar weage, moaie doelpuntsjes oan beide kanten,in protte wille mei elkoar en in geduldige skiedsrjochter dy’t de wedstryd perfekt oanfielde en de bern út en troch wat spulregelkennis by brocht! Mei om my alle wiken wol sa!
Eins is de útslach dan net iens mear fan belang ….
Mar foar de nijsgierrigen ûnder ús: Wêz Handich hat it wûn mei 2-4.