In Epke.

DOW/WH 6- WW/WF 2

Oan it begjin fan seizoen binne der altyd wat startproblemen. En no hiene se de boel ek noch omgoaid. Us tiim soe no yn Rottefalle spylje en dan moasten der ek blauwe shirts komme en swarte rokjes. Twa tassen mei shirts mei, we wiene bang dat we net yn de ex-shirts fan it twadde passe soene, mar dat foel mei. Ek waarden der noch wat swarte broeken en rokjes fûn, sa koene we dochs wer netsjes yn de klean nei Goutum ta. In ploech dy’t we al sa faak tsjin kaam binne, dat we se by de foarnamme kinne. Mei trije liende hearen en twa “lease dames” wie it al wat puzzeljen foar coach Wobbe en tiimbegeliedster Betty, mar se kamen der út. Henk, Mark, Gerard, Froukje, Janke en Grytsje, moasten mei it fak fan Marko K. rêde en yn it oare fak soe net wissele wurde en dat bestie út André, Michiel, Sjoukje en Anneke. Dit fak kaam troch de taktyske ôfspraak dan ek yn de oanfal.
André sette fuort de toan troch de 1 en de 2-0 op it boerd te setten. Henk makke der 3-0 fan. De hear fan André soe ek eefkes wat sjen litte, mar troch it wite gers en syn hege snelhyd foel plat op de grûn. Ut it oare fak kaam doe fuort een adremme opmerking “Hé in Epke”. WW/WF kaam wol wer lyk mei ús en it wie “erop en erover”. Krekt foar it skoft koene it wer lyk meitsje 5-5. Yn de twadde helte gong it oant 9-9 lykop. Dêrnei brutsen we it ferset fan de tsjinpartij. Troch in moaie ûderskepping fan Michiel koe Sjoukje ien meitsje. Ek Gerard wie it noch net ferleard. In strakke crosspass fan André op Anneke soarge noch foar it knappe útstarter. Wy hiene it wol lúks dizze kear it skoareboerd waard byhâlden en it waard ek noch omroppen. 9-15 wie de einstân.
No sitte we der by it 6e al wat oer yn. Moat we noch nije rokjes en broekjes keapje of soe de sponsorkommisje al in sponsor foar ús fûn ha. We wolle ús fierder nergens mei bemoeie mar we ha al in pear suggesjes: Om’t nochal wat minsken yn de lappenmand ha is ”de Friesland “miskien wol wat foar ús, of fysiotherapie fitaal of de nije hûsartsenpraktyk út Eastermar. Us tiim is ek wol wat agrarysk ynsteld dat in leanbedriu soe ek goed kinne of sa’n grutte molkfabryk. Wy mei ek graach lekker ite dat ien fan de ytgelegenheden út de buurt soe ek goed by ús passe. Wy ha wat mear romte op it shirt en op de rokjes en de broekjes dan de measte oare tiims dat der kin wol in hiele slogan op. No skynt de skriuwster fan dit stikje beloofd te ha, dat it earste ferslach oer it “sexde” gean soe, mar dat hâlde jim noch te goede.
Doelpunten: André 4, Henk 4, Grytsje 2, Gerard 2, Sjoukje 1, Janke 1, Anneke 1.