De druk komt fan ûnderen

Dan rin je al aardich nei de 50 en dan noch binne je senuweftich foar in kampioenswedstryd. Moarns in kear of wat nei it hûske, de “cruesli” mar min troch de hals krije kinne en al iere betiid klear stean om nei it fjild te gean. Fan te foaren al betocht, wat soene ús idoalen fan it earste dwaan foar sa’n wedstryd.

As we de skuon fan Renske no liene kinne, soene we dan ek sa wetterfluch wurde, of as we it hier no krekt sa dogge as Anna, wurde we dan ek sa tûk? Of wat soe Fardau ite foar de wedstryd, miskien kinne wy dan ek fan dy strakke ballen goaie. Anneke woene we yn dizze fase mar net nei dwaan. It kuorballet net sa lekker op krukken. As ús mannen no nei kapper Annie of Joukje geane om sa’n moaie krullenbol, soene se dan sa “time” kinne as Hillebrand of it tiim sa oppeppe as Michiel? As Gooitzen no ris de lange earms fan Teun hie, dan koe der wol ûnder de koer stean bliuwe. En we ha der sels noch oan tocht om krekt as Pieter Veenstra in” thermo shirt” ûnder it shirt te dwaan, mar dat gong ús dochs wol in stapke te fier. Sa ’t we foarige wike al fermeld hiene, koene we dizze wike allinne (en net dield) kampioen wurde, as we 1 of 2 punten pakten. Dit moast dan barre tsjin Kinea 3, by de útwedstryd hiene we dêr de punten yn de lêste 30 sekonden ôfpakt. We ferwachten in soad striid, want se koene noch lyk mei ús komme. De neutrale skiedsrjochter Bas fan Burgum, wie spesjaal op dizze wedstryd set.

De spilers fan de BB-formaasje (Bargerbos en Benedictus) setten goed útein. Earst in lyts kânske fan Betty, doe ek noch in trochrinbal fan har, troch Jakob oanjûn efter de rêch lâns. Doe duorre it eefkes, mar ek Wobbe kaam los. Hy soarge foar de 3 en de 4-0. Hy wie sels noch hiel “coulant” foar syn hear dy’t tocht dat er yn de oanfal siet en de oare kant út rûn doe’t Wobbe de bal mei krige. Betty koe goed mei de kampioensdruk omgean, se makke der 5 en 6-0 fan. Doe wie it teetiid.

Yn it skoft waard der al praat oer matchfixing en belssinezen en ik wit net oft ik it goed heard ha, mar de skieds fûn it wat skande foar Kinea, dat hie soe hun in bytsje helpe. Mar earst makke Gooitzen der 7-0 en 8-0 fan en doe waard ek de 0 op it skoareboerd by de gasten weihelle. It slotakkoard wie foar Wobbe, mei in trekbal efter de koer, waard it 10-2. Kampioen foar it earst mei dizze nije kombinaasje. It bestjoer hie foar gebak soarge (attent!!!) en Grytsje hat in moai plaatsje fan ús makke (wol hiele reade kopkes). We mochten wol op de moai fersierde karre troch it doarp, mar dat doarden we net oan. De fuotballers fan VVE wiene de deis derfoar promofearre (lokwinske) en dan is it better om net toeterjend troch it doarp te gean. Wol wie der nei ôfrin in moai feest om it seizoen ôf te slúten, foar alle spilers fan DOW/WH. Sa oan it ein fan it seizoen wolle we alle minsken bedanke dy’t mei ús mei west ha en alle skiedsrjochters dy’t der toch mar wer steane op harren frije dei. Allegear in goeie fekânsje alfêst en oant sjens op de kuorbalfjilden.

Doelpunten: Betty 5, Wobbe 3, Gooitzen 2.