boerNei in reis mei ik leau wol 12 rotondes, kaam DOW/Wêz-Handich 6 yn Goutum oan. Wêz Warber/Wêz Fluch 2 wie hjoed foar de fjirde kear dit seizoen ús tsjinstander. De earste trije kear hiene we ferlern, mar we koene wol in groei sjen, by it tiim mei de pompeblêden. En hjoed moast it dan heve.

We woene dochs ien kear winne fan dizze ploech. Wobbe hie in hiel taktysk plan foar ús klear, mar oan de kopkes wie te sjen dat net eltsenien foar de geest hie wat hy bedoelde. It agraryske fak mei Jakob en André en de twa boeredochters Betty en Sjoukje hie mar ien opdracht, dy iene hear útskeakelje. It restfak mei Janke, Anneke, Michiel en Wobbe soe achterfededigje om sa de âldste spiler fan it twadde op losse te litten. Dizze hear hie ek noch in kear in rake opmerking doe’t er de bal gau pakte doe’t ien fan ús op de grûn lei. “Geen medelijden”. Dizze opmerking ha’t er dêrnei sels ek noch inkele kearen hearre moatten.
De earste helte wurke de taktyk noch net hielendal. Neidat we tot 3-3 aardich by bliuwe koene, sloech WW/WF toch in gat fan fjouwer doelpunten. We ha doe it achterferdedigjen mar farre litten en bin wer fan ús eigen sterken punten útgong. Dit wurke goed en yn it skoft stie it dan ek 9-8. Doe waarden der blommen en taarten nei de kantine sleept, dit wurke as in reade lape op in bolle. (Se blykten letter foar it earste tiim te wêzen). Se soene hjoed noch net kampioen wurde. Van der Wijk junior en Christine kamen der yn en beiden skoarden fuort. We rûnen út nei in 10-13 foarsprong. Se besochten noch eefkes ús út it spul te heljen troch hiel bot te sakjen, mar dat slagge hjoed net. Der wiene guon dy hiene de tonge wol op de skuon hingjen, sokke lange oanfallen hiene we oan it ein fan de wedstryd. Doe’t skiedsrjochter Griet foar it einsinjaal fluitte, stie der 12-13 op it skoareboerd. Se laken doe al wat as in boer mei pine yn ‘e mûle. No binne we troch dizze oerwinning al in bytsje kampioen. As we snein winne of lykspylje tsjin Kinea, dan binne we it allinne en by ferlies dan moat we ús earste plak diele. Dus snein net stinne, mar hinne (10.30 oere)
Doelpunten: Wobbe 3, Betty 3, Mark 2, André 1, Janke 1, Christine 1, Jakob 1 en Michiel 1.