Comeback

(DOW/WH 6 – MV 1)
Sommige froulju bin der skoftsje net omt se mei swierensferlof binne. By it 6de wie in hear, dy hie bouferlof krigen. Mar snein wie hy der wer en ek de dame mei de minne knibbel hie fan de fysio tastimming krigen om it wer te besykjen. Dat wy wiene foar it earst dit seizoen kompleet.

En dat wie mar goed ek. We moasten foar de fjirde kear tsjin Moedig Voorwaarts 1. In tiim dat twa kear yn ‘e wike treent en in fanatyke trener oan de kant sitten hie. It binne net de moaiste wedstriden tsjin dit tiim. Der wurdt fan beide kanten omraak ferdigene en dan komme der meastal net in protte doelpunten yn it skrift te stean. Nei in kertier stie der noch mar 1-1 op it skoareboerd, dizze earste goal waar makke troch Bonne. Betty makke 2-1 troch in strafworp, dy’t ek wol ferstjinne wie want it spultsje wie hiel fysyk. Ek de 3-3 wie in strafworp, dizze waard makke troch Janke. Doe wie it tiid om mei syn allen yn it hok erfaringen út te wisseljen. Betty makke 4-3 troch in útstart. De 5-5 is troch alle perikelen yn it fjild net opskrean. Oan it ein wie de Jacob dy’t skoarde en Wobbe (2x) dy’t it definitieve gat sloech. In meagere 8-6 oerwinning, yn in matige wedstryd. Mar je ha twa ploegen noadich foar in moaie wedstryd, dat koene we yn de wedstryd nei ús sjen fan it 5e, dy’t eindige yn 20-20. Nei de wedstryd noch in moai plaatsje foar de website makke. Us tiim wie as ienige noch net te bewûnderjen. De holstsjes binne al wat read op de foto.
Betty 2, Wobbe 2, Janke 1, Jakob 1, Bonne 1, ? (1)