Op in moaie snein earne yn in `Schoon oord…`

… mocht it, neffens de redaksje fan de Nijtsjes koer, yntusken `romruchte` seisde besykje in ûnferwachtse draai te jaan oan it slot fan de hjerstkompetysje. It twadde fan SDO, de tsjinstanner fan hjoed, hie nammentlik ferline wike de punten ferspile oan it earste fan Moedig Voorwaarts, dat it seisde fan “de Leyenkombinaasje” soe hjoed sels noch mei it kampioenskip oan ‘e haal gean kinne…

Dat, om in oere as alve setten we ôf mei in boskje blommen , net te min taart, de tas mei fiif pear sokken foar André en ,… op ‘e falreep noch de shirtsjes. Op nei it moaie Drinte ! We wiene wat oan ‘e lette kant en Michiel woe ek noch fan ús allegear in pasfoto meitsje foar de nije digitale sketskes, en fansels moast it hier dan al efkes kreas sitte… Dat it opwaarmjen rûn wat yn ’t hûndert. Yntusken waard it hieltyd drokker oan ‘e kant , hiel Schoonoord rûn leech , sa like it wol. Dizze belangrike pot woene se fansels net misse! Us supportersbus wie spitigernôch earne tusken Eastermar en de Rottefalle hingjen bleaun…

Skiedsrjochter Dalmolen liet der gjin gers oer groeije en woe op ‘e tiid begjinne en dat kaam ús eins noch net sa min út , want dan koene we thús noch moai in stikje fan de wedstryd fan ús earste mei pikke. Dat op de wûnderlike oanfangstiid fan 12.40 (ja , echt wier en harren earste hoegde dêrnei net iens te spyljen! ) skeaten Janke, Christien, Goaitzen en Michiel knap út de startblokken. Troch in strafworp fan Janke ( fertsjinne troch Goaitzen) kamen we fuort op in foarsprong (0-1). En dat wie ek fuort de lêste kear dat we foar stiene …Yn it ferfolch fan de striid soene we hieltyd efter de feiten oanrinne.

Earst bleaunen we nochwol aardich by en waard it gat net grutter as 1, 2 goals mar nei de ôstander fan Christien (5-4) wie it ferset wat brutsen. Doe seagen de jonge Blauhimdsjes kâns samar út te rinnen en se setten ús noch foar it skoft op in grutte efterstân ( ik miende fan 8-4 , mar de statistiken binne hjir efkes net hiel dúdlik te folgjen op it lytse bledsje wêr ’t we de stân op by hâlden ha).

De praatsjes begûnen al aardich te kommen by sawol de spilers as by it publyk. Dy hiene wol nocht oan in feestje fansels . Dat soe ús eins in ekstra stimulâns jaan moatte om beakens te fersetten. Der wie noch neat ferlern , en we hiene Froukje ek noch mei as geheim wapen sa fûnen we. We ha hjir mei Wêz Handich yn it ferline al ris faker in kampioensfeestje ferstierd en dat wiene se hjir ek noch net fergetten dus wêrom soe dat hjoed net kinne? Dat: it soe heve!

Spitigernôch slagge de taktyk net hielendal , de jeugd krige wjukken en rûn allinnich noch mar fjirder út. Ek hjir mis ik wat notysjes op it bledsje, mar dat komt omdat Goaitzen en Janke doe om de blommen en de taart út wiene want it begûn der no wol hiel buot op te lykjen dat der hjoed gjin ear mear te beheljen wie. Ik sei : de taktyk slagge net hielendal, wol in bytsje gelokkich, want ynienen fleagen der dochs noch wat ballen troch de koer, mei as slotoffensyf twa knappe pegels fan ôfstân fan Froukje. En sa krige de stân dochs noch in wat draachliker oansjen: 16-10. Earlik is earlik, se wiene in bytsje better. Of hat it miskien dochs ek in bytsje mei in tekoart oan trainingsarbeid te meitsjen? Wa sil it sizze?

De blommen wiene foar SDO, mar de taart ha we sels mar soldaat makke. Hiene we dochs noch punten…