Mei fiif pear sokken…………..

DOW/WH 6 – KORU 2

 

Ofrûne snein spilen we foar de twadde kear op rige tús. Dit kear tsjin it twadde tiim fan KORU út Uffelte. In jonge ploech, mei in protte rinfermogen. Dat die de earste helte ek wol bliken. Nei 2-0 foarsprong de fan Benedictus/Bargebos formatie hie it 6e muoite om dizze ploech by te hâlden. Koru rûn út nei 3-5. Der moast hiel wat wrot wurden om wer lyk te kommen. We makken ek wol in bytsje de fout om yn har tempo mei te gean, yn plak fan mei it kopke te spyljen en fan it skot út te gean. Bonne makke de oansluter op 6-6. En Christine en Janke,  dy’t goed op elkoar yn spile binne, soargen troch moaie útstartaksjes foar in 8-6 foarsprong yn de rust. Ek dizze wedstryd wie it fuort nei de tee dat it leegste tiim (mei it heegste sifer, in 6) har bêste diel fan de wedstryd spile. Fanôf de kant waard sein dat de ferslachskriuwster foaral de ynrinbal mei it hupke fan Goaitzen noch eefkes neame moast (dat ha ik no dien). De routine fan it 6e wûn it dochs noch fan it jeugdige elan en it hurdrinnen fan KORU. De lêste goal fan dizze wedstryd waard makke troch Ilse fan de A’s. Se soarge der foar dat we mei 14-10 wûn ha. Ien fan ús hearen foel út mei in enkelblessure. Doe’t de jûns frege waard yn de app groep hoe’t gong, wie it antwurd,  mei fiif pear sokken yn de learzens koe er al wer melke. En kreupel of net, oare wike bin ik der wer. No dat moat ek, want snein moatte we tsjin medekoprinner SDO en dy ha dit wykein punten ferspile. Snein winne of lykspylje en dan kin it bestjoer mar wer ta de bûse.

Doelpunten: Janke 3, Wobbe 3, Michiel 2, Christine 2, Goaitzen 2, Bonne 1, Ilse 1