Spesjale, geheime tee yn Eastermar

DOW/WH 6 –Moedig voorwaarts 1

Neidat we foarige wike de reis nei Wapserveen makke hiene, mochten se dizze wike ús kant út komme. Doe’t we begjinne soene begong it nochal wat te reinen, dat der waard earst eefkes skûle. Der wie op buienradar mar ien bui en dy hong krekt boppe it fjild fan Eastermar. Nei it startsinjaal fan skiedsrjochter Lap wiene it de âldsjes dy’t de earste skoare op it boerd setten. Michiel sette dêr wat jeugdig elan tsjin oer. Nei’t André yn ús eagen in snijbal tsjin krigen hie waard er wat kribbich en sette dat om yn in goal. MV rûn hyltyd efter de feiten oan, mar in grut gat koene we noch net slaan. Doe’t beide ploegen om in lekker bakje warme tee gongen stie it 10-8.

Spesjale, geheime tee ???

Wat se by DOW yn de tee dogge wit ik net mar sawol it 6e as it tredde ha in monster twadde helte spile. Miskien moat we dat geheime resept ek mar ris yn Rottevalle brûke. Nei it skoft skoarden we omraak en MV bleau hiel lang op de 8 stean. Ek de dames begongen doe wat mear te skoaren. By de stân fan 17-8 makke de tsjinpartij pas wer in treffer. De wedstryd wie doe al spile. Einstân 19-11 Mei 6 punten út fjouwer wedstriden dogge we moai mei. Grytsje bedankt foar it reserve stean en Willem en Frits foar it skoareboerd, se koene it hast net by hâlde, sa waard der skoard. Oare wike binne we wer yn Eastermar te bewûnderjen, dan dogge we tsjin KORU út Uffelte om 11.00 oere dizze kear.
Doelpunten: Goaitzen 4, André 4, Wobbe 3, Betty 3, Janke 2, Bonne 2 en Michiel 1.