Wêr binne jo mei dwaande??……. Kuorbalje.

DOW/WH 6- SDO 2
Wat is dat moai net sa’n kombinaasjetiim. Oars wie nei it doarpsfeest it hiele tiim brak, no wiene der mar twa mei watten yn de holle. It tema fan it doarpsfeest wie, wêr binne jo mei dwaande??? kuorbalje dat hâldt ús moai wat oeren yn ‘e wike fan de strjitte, trene, spylje, fluitsje, bestjoere en yn de kantine stean en ferslagen meitsje.
De linen fan it fjild leine der noch, gau in pear kuorren del sette en de karre en de bankjes by it fjild del sette, eefkes waarmrinne en sjen oft der al in skiedsrjochter wie en wy koene los. Under tusken ek de tsjinstander SDO út de brân holpen, ien fan de dames hie gjin skuon by har. It oanfalsfak Betty, Sjoukje, André en Gerard koene elkoar foarige wike goed fine, dat dat fak waard yn takt hâlden en mocht mei skerp sjitte. Goaitzen, Michiel, Anneke en Janke krigen de opdracht om de 0 te hâlden. Grytsje en Jacob hiene we” leased” fan it tredde, mar mochten we allinne mar brûke by rampen.
It begong net sa bêst, fuort mei 2-0 efter. Troch in frije bal koe Goaitzen de 0 fan it boerd ôf helje, mar it wie SDO dy’t krekt wat makliker skoarde en se rûnen út nei in 5-1 foarsprong. Anneke makke in lytse kâns en Janke lei de strafworp der moai yn, sa waard it al wer wat draagliker. It oanfalsfak hie hjoed muoite mei skoaren, pas yn de twadde helte slagge it om de bal troch de koer te krijen. Wy ha mei syn allen de hiele wedstryd efter de feiten oan rûn. As it no lei oan it swiere fjild, of oan it feest of dat we tsjin in twadde tiim moasten dat twa kear yn de wike treent en ek noch spilers fan it earste ynsette mocht, wy sil it net witte. De einstân wie 12-8 yn it foardiel fan SDO út Schoonoord. Oare wike sille we nei Wapserveen, dan dogge we tsjin it earste fan Moedig Voorwaarts.